CU lilk op Deputearre Steaten

05 nov 2003 - 00:00

De steatefraksje fan ChristenUnie/SGP is lulk op Deputearre Steaten. Dy kamen tiisdei mei it plan om it iepenbier ferfier tusken Ljouwert en Stiens by wize fan proef fergees oan te bieden.

De ChristenUnie/SGP kaam ôfrûne moandei mei sa'n selde útstel, mar dan foar de bus tusken Drachten en Ljouwert. Deputearre Steaten seine doe dat dêr gjin jild foar wie en dat de plannen te foarriedich wiene. De ChristenUnie easket no opheldering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)