Diskusje spoar Ljouwert-Harns

05 nov 2003 - 00:00

It is folle goedkeaper om de spoarline tusken Ljouwert en Harns te ferfangen troch in busferbining. Dat docht bliken út in ûndersyk dêr't de provinsje opdracht foar jûn hat. It idee foar in busferbining komt fan ûndernimmers yn de Westergosône.

Om't in busferbining foardieliger is, fine de deputearren dat Provinsjale Steaten prate moatte oer opheffing fan de spoarline. Harns, Ljouwert en Frjentsjerteradiel binne dêr tsjin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)