Fergees mei de bus

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Stiens, Britsum, Koarnjum en Jelsum kinne fergees mei de bus. Alteast as se foar har wurk nei Ljouwert moatte.
Deputearre Baas wol mei dit útstel berikke dat de files oan de noardkant fan Ljouwert minder lang wurde. Op de dyk tusken Ljouwert en Stiens is it drok. Reizgers kinne yn novimber en desimber fergees opstappe. Deputearre Baas hopet dat in soad minsken no de bus nimme sille yn plak fan de auto.