Stifting krijt 2 tsjerken derby

© Omrop Fryslân
De herfoarme tsjerken fan Jouswier en Eastrum wurde oernommen troch de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De tuorren bliuwe eigendom fan de Stifting Tsjerketuorren Gemeente Dongeradiel.
De beide tsjerken binne boud yn de midsieuwen. Mei de nije oanwinst hat de stichting 34 gebouwen yn it besit. De twa tsjerkgebouwen binne goed ûnderhâlden en hoege foarearst net restaurearre te wurden.