Nije list ferbeane húsdieren

© Omrop Fryslân
It advysorgaan fan it ministearje fan Lânbou hat tiisdei in nije list bekendmakke fan dieren dy't net langer as húsdier holden wurde meie.
It giet benammen om eksotyske fûgels en sûchdieren, dy't as se ûntsnappe foar fauna-ferfalsking soargje kinne. Boppedat kinne se troch de firussen dy't se by har drage, in gefaar foarmje foar de folkssûnens. It giet dan ûnder oaren oer nertsen en fretten.