Net leechfleane yn fakânsje

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan de doarpen by de fleanbasis Ljouwert sille takom jier yn de fakânsjes gjin lêst mear hawwe fan leechfleanende F-16's. De spesjale training fan F-16-piloaten wurde oare jier trije wike earder útfierd. Dat sei de koördinator fan de oplieding by in parsebriefing op de Noarse basis Ørland.
De fleanbasis krige fan 't simmer in soad klachten oer de fluchten. De fleantugen makken safolle leven dat bûtendoar sitten amper koe.