Tsjûgen mishanneling socht

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei tsûgen fan de mishanneling fan in 42-jierige man op de Foarstreek yn Ljouwert. Dat barde sneintenacht om kertier foar twaen. De ferwûne man is mei letsel oan syn holle oerbrocht nei it Akademysk Sikehûs yn Grins. Syn tastân is krityk.
De plysje hat twa persoanen oanhâlden foar de mishanneling. Tsjûgen dy't der mear fan witte, kinne de plysje belje op telefoannûmer 0900-8844.