Tsjerkje Warstiens restaurearre

04 nov 2003 - 00:00

De restauraasje fan de monumintale tsjerke fan it plakje Warstiens by Wergea is klear. Oankommende snein is de earste tsjinst wer, foar ynwenners fan Wergea, Warten en Warstiens.

De grutte opknapbeurt hat goed fjouwer ton euro koste. It Ryk, de provinsje en it Prins Bernard Kultuerfûns ha deroan meibetelle. De restauraasje koe foar in grut part mei subsydzjes betelle wurde om't de tsjerke oanwiisd is as monumint.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)