Jong Hearrenfean wint mei 6-0

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandei mei 6-0 Jong NAC ferslein. By it skoft stie it noch 2-0. It Fryske belofteteam wie folle better as de tsjinstanners út Breda. Mark Jan Fledderus en Martijn Barto makken elk twa doelpunten, Manu Dagher en Hannu Haarala elk ien.
Jong Feyenoord bliuwt troch de 2-1 oerwinning op Jong Ajax de koprinner mei 22 punten út njoggen wedstriden. De Feansters binne twadde mei 18 punten út acht wedstriden.