Bedriigjende beller oanholden

04 nov 2003 - 00:00

De plysje hat in 35-jierrige man út Drachten oanholden dy't minsken telefoanysk bedrige hat. Der kamen it ôfrûne oardel jier fyftich meldings fan ferfelende telefoantsjes by de plysje, mar dat kinne der mear west hawwe.

De man belle meast âldere froulju en makke him bekend ûnder de namme Dijkstra. Fierder sei er dat er in bern of beppesizzer fan de frou by him thús hie of dêr seksuele hannelings mei útfierd hie. Hy wurdt woansdei foarlaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)