Eigen website gemeenteriedslid

04 nov 2003 - 00:00

It Ljouwerter CDA-riedslid Thea Koster komt as earste gemeenteriedslid yn Fryslân mei in ynteraktive website. Doel is om de minsken oan te setten ta diskusje oer aktuele politike saken.

Neffens it 24-jierrige riedslid is der fierste min omtinken foar de polityk. De publike tribunes binne leech en benammen de jongerein lit it sitte. Koster rekkent derop dat it medium better oanslacht as de telefoan. Minsken kinne ek mei har chatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)