Undersyk nei bom yn Makkum

04 nov 2003 - 00:00

De Eksplosive-oprommingstsjinst set tongersdei út ein mei it ûndersyk nei in mooglike bom ûnder de Oude Nieuwbuurt yn Makkum. De gemeente Wûnseradiel krige ferline wike in melding fan ynwenners dat dêr in eksplosyf út de Twadde Wrâldoarloch lizze soe. It gebiet is no ôfset.

De Oude Nieuwbuurt wurdt opnij ynrjochte. De start fan de nijbou is moandei ferpleatst om't it fjoerwurk pland stie op it plak fan de bom.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)