Direkteuren Prins op non-aktyf
De ried fan kommissarissen fan metaal- en keunststofbedriuw Prins yn Dokkum hat twa direkteuren fan it bedriuw op non-aktyf set. De twa direkteuren Spoelstra en De Haan soene te let oanjûn hawwe dat it ferlies fan it bedriuw oer 2003 op 13 miljoen útkomt yn plak fan 7 miljoen.
Earder waard al dúdlik dat fanwege de swierrichheden 90 fan 'e 270 banen by it bedriuw ferdwine. Tritich minsken krije twongen ûntslach.
Trefwurden:
argyf