Krityk kommisje boaiemdelgong

© Omrop Fryslân
It ynstellen fan in spesjale kommisje dy't dupearren fan boaiemdelgong oan skeafergoeding helpe moat is mislearre. Dat seit Jan van der Baan fan aksjegroep Willem Beton. Sy besykje al jierren skeafergoeding te krijen foar minsken dy't skuorren yn har hûs ha.
De kommisje kaam koartlyn del by de pleats fan De Boer yn Boazum, dêr't skuorren yn sitte. De Boer tinkt oan gaswinning as oarsaak, de kommisje hâldt it op it lege wetterpeil.