Yousef wint Berenloop op Skylge

03 nov 2003 - 00:00

Saher Yousef fan It Hearrenfean hat snein de Berenloop op Skylge wûn. De maraton op it Waadeilân waard foar de sande kear hâlden. Mei syn tiid fan twa oeren, 37 minuten en 41 sekonden wie Yousef rapper as Dirk de Vries fan Jirnsum. Yn 2001 wûn Yousef de wedstriid ek al.

Dit jier wienen der 2700 rinners. Yn it begjin koenen se rap fuort om't se de wyn yn de rêch hienen. Letter waard it dreech fanwegen de kjeld en de rein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)