Toxopeus wint Waadrace

© Omrop Fryslân
Skipper Jelte Toxopeus hat fan it wykein mei syn klipper Waterwolf de Nasjonale Waadrace wûn. Hy gie mei in lytse skipslingte foar de tsjalk Voorwaarts fan Peter Glas oer de finishstreek.
De Waadrace wurdt neffens tradysje yn it earste wykein fan novimber hâlden. De skippen gienen sneon út Harns wei en moasten Den Oever, Texel, Flylân en Skylge oandwaan. De folchoarder makke derby net út. Der wienen 21 dielnimmers.