Tydskrift oer skiednis Ljouwert

03 nov 2003 - 00:00

Der komt in nij tydskrift oer de skiednis fan Ljouwert. It Histoarysk Sintrum Ljouwert, it eardere gemeente argyf, jout it blêd út yn gearwurking mei útjouwerij Waanders yn Zwolle.

Neffens de direkteur fan it sintrum is it in populêre útjefte mei nijsgjirrige foto's. Diel ien komt nije wike út. Mei elkoar komme der 18 tydskriften út. Yn de tachtiger jierren ferskynde ek al ris in rige tydskriften. Dy gienen doe oer de skiednis fan de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)