Grutte brân yn Skettens

02 nov 2003 - 00:00

By in grutte brân yn Skettens is snein it boubedriuw fan de bruorren Buwalda yn flammen opgong. Yn in loads fan it bedriuw ûntstie troch ûnbekende oarsaak brân. In oare loads, in kantoar en it wenhûs fan heit en mem Buwalda, koene noch mar krekt rêden wurde.

De Buwalda's hiene earst neat troch fan de brân. Sels doe't op in pear meter fan har in fjoersee ûntstie, sieten se noch te ynternetten. Buorlju koene har op tiid út 'e hûs helje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)