Stien dellein by kafee De Haule

© Omrop Fryslân
Goed 300 minsken kamen sneon ôf op de ûntbleating fan in stien tsjin sinleas geweld by it kafee fan de fermoarde Fokko Werkman op De Haule. Famylje, freonen en doarpsgenoaten harken nei gedichten en muzyk.
Mei fakkels waard it hiem fan it kafee ferljochte. Nei in minút stilte waard de stien, mei dêrop in print fan in ingeltsje, dellein troch de heit en broer fan Werkman.