Aaipop siket nij muzikaal talint

02 nov 2003 - 00:00

De stifting Aaipop siket dielnimmers foar Lytske Aaipop, it popfestival dat takom jier jannewaris wer hâlden wurdt. Foar de tsiende kear krije nije Frysktalige en streekfrysktalige bands en artysten in kâns om op te treden.

Lytske Aaipop is in kompetysje. De bêste band mei op Peaskemoandei spylje op Aaipop 2004. Foarige kear wie de Drachtster band Helder de winner. Lytske Aaipop wurdt hâlden yn Nijlân. It telefoannûmer is 0515 - 569324.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)