Annamarie Thomas wint 1500 meter

© Omrop Fryslân
Annamarie Thomas hat snein foar it earst sûnt 1998 wer in nasjonale reedrydtitel by de NK ôfstannen ferovere. De rydster fan Sponsorbingo Loterij wie de sterkste op 1500 meter.
Se kaam yn Thialf op in tiid fan 2.00,72 en wie dêrmei 0,21 sekonde rapper as teamgenoate Marja Vis. Marianne Timmer waard tred op dizze ôfstân. Gretha Smit wûn snein de 5000 meter. Har suske, Jenita Hulzebosch, waard twad en Renate Groenewold tred.