Koart plysjenijs

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige automobilist út Snits is freed ferwûne rekke by in ûngelok yn Boalsert. De man waard op in krusing op de Koopman Heereswei oanriden troch in frachtauto. De automobilist moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.
In frou út Drachten (23) hie freed in ûngemak yn har wenplak. De frou ferlear op de sneldyk de macht oer it stjoer. Se skeat de berm yn en botste op in beam. Se is oerbrocht nei it sikehûs.