Saak Runhaar opskood

© Omrop Fryslân
De fertochte fan de moard op Debbie Runhaar yn Makkum moat op 1 desimber wer foarkomme. De saak tsjin de 35-jierrige frou út Snits is freed oanhâlden. Dat komt omdat saakkundigen fan miening ferskille oer de geastlike tastân fan de frou.
De iene psycholooch seit dat se net gau deselde fout meitsje sil, de oare seit krekt it tsjinoerstelde. Debbie Runhaar waard op Keninginnedei fermoarde. De fertochte hat al bekend.