Nij plysjeburo yn Easterwâlde

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân hat wer in nij buro. Freed waard it nije plysjeburo fan Eaststellingwerf offisjeel iepene. Dêrmei set de plysje nettsjinsteande jildpine de ynhelslach fan de húsfesting yn Fryslân gewoan troch.
It nije buro yn Easterwâlde hat ekstra romte krigen foar ûndersyksteams. It gebou wurdt al sûnt begjin augustus brûkt. Mei de ûntfiering fan Lusanne van der Gun en de moard yn Haule kaam it buro al goed fan pas.