Socht: goede ideeën

© Omrop Fryslân
'Hebt u een gat? Dan hebben wij de markt!' Mei dy gjalp noeget IdeeDrachten minsken en bedriuwen út om har mei in kreatyf idee te melden. Under lieding fan de gemeente wurdt dan besjoen oft finansjele stipe of oare help nedich is.
De gemeente, inisjatyfnimmer fan it projekt, wol sa besykje de wurkleazens oan te pakken. It plan is ûntstien yn it Sweedske Säter. Dêr smiet inselde projekt trijehûndert nije banen op.