Hofstra lottet favoryt

31 okt 2003 - 00:00

Darter Rick Hofstra fan Snits moat it yn de earste omgong fan it Embassy kampioenskip opnimme tsjin de Ingelsman Mervin King. Dy is âld-winner en op 'e nij ien fan de favoriten.

It Embassy kampioenskip, dat no de namme Lakeside Championship draacht, begjint op 3 jannewaris. Hofstra pleatste him dizze wike fia it kwalifikaasjetoernooi. Hy is de fyfde Nederlanner dy't takom jier meidocht. Titelferdigener is Van Barneveld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)