Lyts marketingburo foarsteld

© Omrop Fryslân
De promoasje fan de provinsje Fryslân by toeristen moat dien wurde troch in lytse organisaasje. Dat stelle de Fryske VVV's en it toeristysk bedriuwslibben foar oan de provinsje. It advys folget op it debakel mei it grutte NNBT, it Noard-Nederlânsk Buro foar Toerisme.
In lyts mar profesjoneel marketingburo moat Fryslân as in sterk merk promoatsje. De VVV's moatte dat belied dan fierder útfiere.