Priis foar Lânskipsbehear
Lânskipsbehear Nederlân hat tongersdeitemiddei yn Amsterdam de monumintepriis krigen fan it Prins Bernhard Cultuurfonds. Lânskipsbehear Fryslân, dat ûnder de lanlike organisaasje falt, sjocht de priis as in erkenning foar de soarch foar it Fryske kultuerlânskip.
Lânskipsbehear wol no it frijwilligerswurk oan it kultuerlânskip útwreidzje en profesjonalisearje.