Ferskillen subsydzje jeugdwurk

31 okt 2003 - 00:00

Wolwêzensorganisaasjes HWL en SWL yn Ljouwert krije ferskillende susydzjebedragen foar it jongereinwurk. De VVD-riedsfraksje hat besifere dat HWL goed 40 euro yn 'e oere krijt en SWL hast 30 euro.

De fraksje wol wite wêrom't der in ferskil yn it subsydzjebedrach is. Fierder soene subsydzjes projektmjittich oanbestege wurde moatte oan de skerpste oanbieder. Dat stelt de VVD yn skriftlike fragen oan B&W.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)