Konsumintebûn lilk op Harns

31 okt 2003 - 00:00

It Konsumintebûn is lilk dat de gemeente Harns meiwurking wegere hat oan in ûndersyk nei de útfiering fan de WVG, de wet foarsjennings handikapten. It bûn benadere foar dat ûndersyk 35 gemeenten. Njonken Harns wiene der noch njoggen oaren dy't wegeren.

Neffens it bûn wurdt it dêrtroch dreech om WVG-klanten goed te ynformearjen. Ut it ûndersyk docht bliken dat der grutte ferskillen binne yn fergoedingen fan helpmiddels, lykas in rolstoel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)