Logo út iis Thialf helle

31 okt 2003 - 00:00

It nije logo yn it iis fan Thialf op It Hearrenfean is flak foar it NK-ôfstannen wer fuorthelle. It Nederlânsk Kampioenskip set freedtejûn út ein. Neffens it kontrakt fan Thialf mei de NOS is it net tastien om in logo yn it iis oan te bringen.

As de omrop it reedriden op de televyzje útstjoert, soe it logo ek yn byld komme. Dat wurdt sjoen as reklame. De direksje fan Thialf wol meikoarten sjen oft it kontrakt feroare wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)