Histoaryske samling ferbaarnd

30 okt 2003 - 00:00

De Histoaryske Feriening yn Appelskea sit mei de hannen yn it hier. Harren karakteristike gebou De Hoolten Klinte is ôfbaarnd. It gebou stie op in heuvel midden yn 'e bosk en is 42 jier âld. Eartiids sieten Steatsboskbehear en de VVV deryn.

Mei de brân is ek de hiele histoaryske samling yn reek opgien. De materiële skea rint yn 'e tonnen. De feriening is goed fersekere, mar dat kin it ferlies fan 'e samling nea goedmeitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)