Azc-belagers prate mei wethâlder

30 okt 2003 - 00:00

De jongeren dy't ôfrûne freed belutsen wiene by de rassistyske ynsidinten by it AZC yn Dokkum sille mei de wethâlder om tafel. Se wolle dúdlik meitsje wat der krekt bard is. Dêrom wolle se de wethâlder harren kant fan it ferhaal fertelle.

De jongelju sizze beskuldige te wurden fan saken dêr't sy gjin part oan ha. It petear mei de wethâlder is oare wike tongersdei. De jeugd skildere ûnder oare hakenkrusen op 'e wei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)