Besuniging yn striid mei Hânfêst

© Omrop Fryslân
De besuniging dy't de provinsje trochfiere wol op it budzjet foar Fryske taal is yn striid mei it Europeeske Hânfêst foar minderheidstalen fan 'e Ried fan Europa. Dat ferklearret de Europeeske organisaasje FUEN, dêr't de Ried fan 'e Fryske Beweging lid fan is.
De provinsje wol it jierbudget fan 557.000 euro koartsje mei 32%. De Ried fan Europa sil yn 2004 ûndersykje hoe't it liket mei de posysje fan it Frysk.