Batavus wint koart pleit

© Omrop Fryslân
Fytsefabrikant Batavus op it Fean hat it koart pleit tsjin Bikemotion.nl wûn. By ferkeapet fia ynternet fytsen dy't noch net montearre binne en kin de fytsen dêrom tsjin in legere priis oanbiede. Batavus woe dat net en spande in koart pleit oan.
De bedriuwen hawwe no in kompromis sluten: Bikemotion.nl mei allinnich mar ôfmontearre Batavys-fytsen leverje. De fytseferkeaper moat lykwols it logo fan Batavus fan harren webside helje.