Galeryen Ljouwert wurkje gear

© Omrop Fryslân
De keunstgaleryen yn Ljouwert binne tenei alle twadde sneinen fan de moanne iepen. De galeryen hawwe dat meiïnoar besluten om sa it Ljouwerter keunstklimaat te fersterkjen.
Ek wurdt der in boekje útjûn dêr't alle galeryen en harren oanbod yn steane. Ek steane der saken as iepeningstiden en adresgegevens yn. It boekje hjit 'Kunstkijker' en is fergees te krijen by musea, biblioteken en VVV's yn de provinsje.