Fryslân2005 moat spektakel wurde

© Omrop Fryslân
De eksposysje Fryslân 2005 moat in spektakel wurde dêr't de provinsje him fan syn bêste kant sjen lit op it mêd fan ekonomy, technology, kultuer en ûnderwiis. Dat sei âld-steatssekretaris fan ekonomyske saken Gerrit Ybema by de presintaasje fan de plannen. Ybema sit net yn de organisaasje, mar treedt op as in soart ambassadeur foar de manifestaasje. Fryslân 2005 sil hâlden wurde yn it FEC yn Ljouwert en moat in wike duorje.