Unrêst nei wedstryd Cambuur

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitejûn ekstra ME ynset nei ôfrin fan de wedstryd Cambuur-FC Twente yn Ljouwert. De 500 Twente- supporters moasten begelaat wurde nei it stasjon om foar te kommen dat it út de hân rinne soe. Ek hat de plysje ferskate kafee-eigners warskôge foar mooglike oerlêst fan supporters.
Foar de oanfang fan de wedstryd wie it ek al ûnrêstich en waard der ien Twentesupporter oanhâlden, doe't hy mei in groepke de Cambuurbar yn woe.