Kortenhorst (CDA) yn Irak

© Omrop Fryslân
CDA-Twadde-keamerlid Roland Kortenhorst fan de Jouwer stiet net negatyf tsjinoer in langere ynset fan Nederlânske troepen yn Irak. Hy is mei in delegaasje keamerleden dy't yn de fêste keamerkommisjes fan Definsje en Bûtenlânske Saken sitte, op wurkbesite yn Irak. De delegaasje sit yn it suden tusken de stêden Bagdad en Basra.
De Twadde Keamer moat ynkoarten in beslút nimme oer de ferlinging fan de ynset fan de troepen yn Irak.