Provinsje stipe MFC De Knipe

30 okt 2003 - 00:00

De provinsje stelt 45.000 euro beskikber foar de bou fan in multifunksjoneel sintrum yn De Knipe. Doel is om dêrmei de leefberens fan De Knipe te fergrutsjen en om âlderen mear kâns te jaan selsstannich yn it doarp wenje te bliuwen.

Sintrum De Barte moat twa basisskoallen krije, in pjutteboartersplak, bûten- skoalske opfang, kantoarromte foar de redaksje fan de doarpskrante, thússoarch en in mediateek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)