Cambuur ferliest yn ferlinging

30 okt 2003 - 00:00

Yn 'e bekerwedstriid tsjin FC Twente wie Cambuur woansdei 96 minuten lang lykweardich oan de earedivyzjeklub. Nei 90 minuten stie der 1-1 op it skoareboerd troch goals fan Van Zundert foar Cambuur en N'Kufo foar FC Twente.

Twente beslikke it duel yn 'e 6de en 9de minút fan 'e ekstra spyltiid, troch goals fan Bas Sibum en de Deen Kristensen. Dick de Boer fûn dat Cambuur de morele winnaar wie troch it sa lang fol te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)