Presintaasje cd De Nije Kast

© Omrop Fryslân
Yn it Abe Lenstrastadion is tiisdeitejûn de earste cd fan de Nije Kast presintearre. Dat barde yn oanwêzichheid fan sechtich pommeranten.
It earste eksimplaar fan de titelleaze cd is oerhannige oan Riemer van der Velde en Foppe de Haan fan SC Hearrenfean. Der steane tolve nûmers op it skyfke, dêr't twa fan yn it Frysk binne. Fan takom sneon ôf is de cd foar elkenien de fans te keap.