ZMLK-skoallen wolle mear rûmte

29 okt 2003 - 00:00

In grut part fan de tsien ZMLK-skoallen yn ús provinsje hat te krijen mei slim rûmtegebrek. ZMLK-skoallen binne foar bern dy't muoite ha mei learen. En it tal learlingen dat dêr gebrûk fan makket, is de lêste jierren bot groeid.

De Wingerd yn Damwâld is sa'n skoalle, dy't ferlet hat fan mear rûmte foar de learlingen. Sûnt koart is in nije groep ûnderbrocht yn de personielsrûmte. Dantumadiel lit ûndersykje hoe't de skoalle grutter makke wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)