Takomst Talintprizen útrikt

29 okt 2003 - 00:00

By de presintaasje fan de Fryske reedridersseleksje binne tiisdeitejûn ek wer de Fryske Takomst Talintprizen útrikt troch Omrop Fryslân. De prizen jilde foar it foarige seizoen. By de jonges krige Sven Kramer de priis. Syn heit Yep moast de priis ophelje, om't Sven op bêd leit mei in brutsen ankel. By de froulju wie de priis foar Mayon Kuipers fan Stiens. Se is 15 jier en earstejiers B-rydster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)