Bertilla wint lanlike wedstriid

29 okt 2003 - 00:00

Ferpleechhûs Bertilla yn Drachten hat in lanlike wedstriid wûn foar it bêste idee om foar demintearjende âlderen te soargjen. De wedstriid wie útskreaun yn it ramt fan de aksjewike oer soarch foar minsken dy't demintearje.

Meiwurkers fan Bertilla ha in helpmiddel ûntwikkele om mei de bewenners te betinken wat se ite sille. Dat dogge se mei kaartsjes dy't makke binne mei foto's út supermerkfolders. Se ha 1000 euro en in ferwendei wûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)