Provinsjes: stipe net ferlieze

© Omrop Fryslân
De trije noardlike provinsjes wol no einlings witte wêr't se oan ta binne. It Ryk kin pas yn 2005 besjen oft der ekstra stipe komt yn 2006. Dat is te let, want dan kin der gjin belied makke wurde. Kommissaris Nijpels wol mei de oare twa provinsjes de diskusje oer de ekstra Ryksstipe earder op gong bringe. De provinsjes driigje ek de Europeeske stipe foar ekonomyske swakke regio's te ferliezen. Der moat prikken yn it wurk steld wurde om dat tefoaren te kommen.