Schraven(VNO) achter sweeftrein

© Omrop Fryslân
Foarsitter Jacques Schraven fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW stiet fjouwerkant achter de sweeftrein nei it noarden. Schraven sei dat tiisdei by de jiergearkomste fan 'e noardlike ôfdieling fan VNO-NCW.
Schraven fynt dat de sweef-ferbining tusken it noarden en de rânestêd oer tsien jier klear wêze moat. Schraven hat yn Sina sjoen dat in sweeftrein fluch realisearre wurde kin. Schraven leaut der dan ek echt yn.