Wer grutte kreak yn Ljouwert

28 okt 2003 - 00:00

Kreakers ha yn 'e nacht fan moandei op tiisdei it âlde gebou fan boekbinerij Scheepstra kreake oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert. Op dit stuit wenje fiif kreakers yn it bedriuwgebou. Der hat kontakt west mei de plysje en de eigner, de erven Scheepstra. De kreakers soene foarearst bliuwe meie.

De boekbinerij is al trije jier net mear yn bedriuw, mar stiet noch fol mei âld bedriuwsark. De kreakers besykje de boel wat op te rêden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)