FNP komt mei 8 moasjes

© Omrop Fryslân
De FNP-Steatefraksje komt takom wike by de Algemiene Skôgings fan de provinsje mei acht moasjes en in amendemint. DS wurdt ûnder oaren frege de súdlike rûnwei om Frjentsjer mei faasje oan te pakken. Dan kin it bedriuweterrein him dêr fierder ûntwikkelje. Ek stelt de partij foar net langer jild beskikber te stellen foar de sweeftrein.
De FNP wol ek net dat de provinsjale opsinten foar autobesitters omheech geane. De Skôgings binne 3 novimber.