It Fean gaadlikst foar bedriuwen

© Omrop Fryslân
Drachten en It Hearrenfean binne de bêste plakken yn Fryslân foar de nije kantoaren dy't der tusken no en tsien jier komme moatte. Dat stelt wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noord yn de takomstfisy dy't tiisdei publisearre waard.
It Hearrenfean is ek de bêste lokaasje foar nije middelgrutte produksje- bedriuwen. Fierder soe yn it Noarden plak wêze foar in sciencelokaasje. Dat soe by de Universiteit yn Grins moatte.